Foto oerfaller op plysjesite

29 jun 2010 - 14:37

De Plysje Fryslân hat bylden op 'e eigen ynternetside set fan de oerfaller op it Texacotankstasjon oan de A7 by Terwispel. De oerfal wie ôfrûne freedtenacht. De oerfaller stapte deryn en bedrige de meiwurkster mei in pistoal. De man naaide dêrnei út mei in ûnbekend jildbedrach.

Op de bylden is in blanke man te sjen fan 25 oant 30 jier âld. Hy hat in pet op en donkere klean oan. De foto is te sjen op www.dadergezocht.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)