Swimmersjokte by Froskepôle

Foto: Omrop Fryslân
Yn it Ljouwerter rekreaasjegebiet De Froskepôle mei net mear swommen wurde. Der sit in parasyt yn it wetter dy't swimmersjokte feroarsaket. Dat docht bliken út ûndersyk fan Wetterskip Fryslân. De parasyt sit yn poelslakken yn it wetter.
De gemeente Ljouwert hat warskôgingsbuorden op it plak delset. Swimmersjokte is ferfelend, mar net gefaarlik. Hûnen kinne diarree krije fan 'e parasyt. De buorden bliuwe de hiele simmer stean.