Fuotbaltinte moast fuort

© Omrop Fryslân
Twa ûndernimmers moasten fan 'e plysje in fuotbaltinte foar harren saak op 'e Jouwer weihelje. De winkelju hiene yn 'e Midstrjitte in tinte delset mei in tillevyzjeskerm. De bedoeling wie dat elkenien de fuotbalwedstriid Nederlân-Slowakije sjen koe.
Der wie lykwols gjin fergunning oanfrege by de gemeente Skarsterlân. Dy besleat de plysje derop ôf te stjoeren. De beide ûndernimmers, Theo Dalstra en Rudi Veltman, fine de opstelling fan de gemeente spitich.