Poarte-aksjes Douwe Egberts

29 jun 2010 - 11:45

Personiel fan Douwe Egberts op 'e Jouwer hâldt woansdeitemoarn fan seis oant njoggen oere poarte-aksjes. It is de earste yn in rige aksjes nei't de wurknimmers it leanbod fan memmebedriuw Sara Lee ôfwiisden.

Sara Lee biedt 1,15 prosint ferheging, mar wol dat keppelje oan nije ôfspraken foar it pensjoen. De wurknimmers en it fakbûn fine dat sjantaazje. As der gjin better bod komt, komme der mooglik ek stakings. By DE De Jouwer wurkje goed 450 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)