Nyk de Vries yn Amearika

29 jun 2010 - 10:57
  • Nyk de Vries (foto: Reyer Boxem)

De Fryske skriuwer en muzikant Nyk de Vries draacht foar yn 'e Feriene Steaten. Nei oanlieding fan syn foardracht op it Poetry International Festival 2010 is De Vries útnoege op te treden yn twa poetryclubs, ien yn New York en ien yn Cambridge, Boston. De data binne 28 juny en 7 july.

De Vries is ek útnoege foar it Frank O'Connor International Short Story Festival yn Cork, Ierlân. Dat sil wêze yn septimber. Nyk de Vries komt fan Noardburgum, mar wennet no yn Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)