Ynslûpings yn Snits

29 jun 2010 - 10:10

De plysje docht ûndersyk nei ynslûpings yn wenhuzen yn Snits oan ûnder oare de Oosterkade, de Kapelstrjitte en it Boarndjip. De dieder of dieders koene ridlik maklik de huzen ynkomme om't de ruten en doarren fanwege it moaie waar net goed ôfsluten wiene.

By de ynbraken binne benammen laptops, mobile telefoans en jild meinaam. Minsken dy't fertochte persoanen sjoen hawwe of dy't wat witte, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)