Net folle respons GGD-enkête

GGD-gebou yn Ljouwert
De sûnensenkête dy't de GGD Fryslân in pear wiken ferlyn oan hast achttûzen Friezen fan 19 oant en mei 64 jier ferstjoerd hat, is troch minder as de helte ynfold. Dat is net genôch om betroubere útspraken dwaan te kinnen oer de Fryske sûnenssituaasje. Dat hat de GGD bekend makke.
Om dochs noch mear enkêtes ynfold werom te krijen giet der by de GGD dizze wike in herinnering de doar út. It binne benammen de âlderen dy't al wol reageard hawwe.