Fytspaad stikken troch waarmte

29 jun 2010 - 07:41

De gemeente Wûnseradiel hat it fytspaad fan Allingawier nei Eksmoarre en fan Eksmoarre nei Boalsert ôfsletten omdat it te gefaarlik is om deroer hinne te fytsen of te riden. Troch de waarmte binne parten fan it betonnen fytspaad omheech kaam en dat soarget foar libbensgefaarlike situaasjes.

Moandei hawwe der al trije ûngelokken west wêrby't in scooterrider en twa fytsers ûnderút giene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)