Utlis oer sluting De Frosk

Boargemaster Aalberts en wethâlder Hofs fan de gemeente Dantumadiel hiene moandei in drege jûn yn De Westereen. Se joegen der útlis oer de sluting of ferkeap fan swimbad De Frosk. De ynwenners hiene in soad lestige fragen.
De gemeente moat de kommende fjouwer jier fjouwer miljoen euro besparje. Sluting of ferkeap fan it swimbad moat 500.000 euro opsmite. De ried nimt letter dit jier in beslút.