Bliidskip oer winst Oranje

Mei-inoar tv sjen yn de jeugdsoas fan Wergea
It Nederlânsk alvetal hat de kwartfinale berikt fan it WK troch mei 2-1 te winnen fan Slowakije. En ek moandei hawwe minsken wer massaal nei Oranje sjoen. De winkels en autodiken wiene fierhinne leech.
Yn Wergea wiene sa'n hûndert jongeren byinoar kaam yn in gleonhite jeugdsoas om de wedstriid mei-inoar te sjen. De spanning rûn bytiden heech op en bliidskip oer de winst wie grut. Freed spilet Nederlân de kwartfinale tsjin Brazilië of Sili.