Grut ûnderhâld gemaal Starum

28 jun 2010 - 17:19

Yn it Hoogland gemaal by Starum leit foar de twadde kear sûnt 1965 pomp fjouwer iepen. De oare trije pompen binne al earder reviseard. Dizze simmer is it tiid foar de lêste. It bliuwt net by it ferfangen fan ûnderdielen sa as de skoepen, want der wurdt ek foar soarge dat de kapasiteit fan it gemaal omheech giet.

Net sa bot dat it te wyld streamt yn it kanaal, mar wol safolle dat tenei winterdeis folle gauwer wetter spuid wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)