'Dykwurkers better befeiligje'

28 jun 2010 - 15:26

De feiligens fan dykwurkers moat better, seit fakbûn CNV nei it útkommen fan in rapport fan 'e arbeidsynspeksje. Ut ûndersyk fan de ynspeksje docht bliken dat by ien fan 'e trije plakken dêr't wurke wurdt, de dykwurkers net goed beskerme wurde tsjin oanridings.

Der wurdt te faak besunige op feiligens. Sa kinne oannimmers in legere priis oanbiede. It CNV pleitet foar it ôfsluten fan in dyk dêr't oan wurke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)