RIVM warskôget foar waarmte

28 jun 2010 - 15:22

It RIVM en de sûnenstsjinsten warskôgje foar de gefolgen fan it hite waar. It kwik kaam moandei oer de 25 graden en de kommende dagen wurdt it allinnich mar hiter. It RIVM hat dêrom it lanlike hjitteplan yn wurking steld. Sikehuzen en oare helptsjinsten binne alert. Alderen wurdt oanret goed te drinken, safolle mooglik it skaad op te sykjen en it kalm oan te dwaan.

De sinne is boppedat tige fûl en dêrtroch kinne minsken maklik ferbrâne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)