Plysje: no ek wetter-burgernet

28 jun 2010 - 14:02
  • De plysje sil Burgernet no ek op it wetter ynsette

Burgernetaksjes kinne tenei ek op it wetter hâlden wurde. Oankommende woansdei wurdt yn Snits it offisjele startsein foar burgernet op it wetter jûn. As der wat bart op it wetter kin de plysje mei it sms-systeem fan Burgernet it sinjalemint trochjaan fan de persoan of boat dy't socht wurdt, sadat der manmachtich útsjoen wurde kin.

Burgernet op it wetter is in gearwurking tusken plysje, gemeenten, wetterskip en provinsjale wettersteat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)