Iebrêge Dokkum wer berydber

28 jun 2010 - 10:19

De Iebrêge yn Dokkum is wer iepen foar autoferkear. De gemeente die de brêge snein omheech neidat in stik asfalt losliet. De dyk wie dêrtroch te glêd om oerhinne te riden. Yntusken is de brêge wer nei ûnderen en kinne auto's der wer del. Der steane buorden dy't warskôgje foar it minne stik dyk en auto's meie net hurder as 30 kilometer de oere oer de brêge hinne ride.

Woansdei wurdt de minne asfaltlaach fuorthelle en komt der in nije laach op de brêge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)