Bruinsma kening yn Berltsum

27 jun 2010 - 20:29

Hylke_Bruinsma is snein kening wurden fan de haadklassepartij yn Berltsum. Mei debutant Hendrik Kootstra en Alle Jan Anema wie er yn de finale justjes te sterk foar it partoer Rutmer van der Meer, Renze Pieter Hiemstra en Folkert van der Wei. De ein fan de finale kaam pas mei alles oan de hang. Hendrik Kootstra pleatste doe in sitbal op it perk fan de tsjinstanners.

De tredde priis wie foar it earsteklas partoer fan Pieter Bakker. Yn de 1e omloop fersloegen se Van der Bos-en-dy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)