Tal soa-testen gelyk bleaun

03 apr 2012 - 08:43

It tal soa-testen yn Fryslân is yn 2011 mei rom 40.000 gelyk bleaun oan it jier derfoar. Dat docht bliken út sifers fan de GGD. Dy hat neist de eigen sifers ek dy fan it sintrum ynfeksjesykten Izore en fan sikehûs MCL meirekkene.

It tal prostituees dat in ûndersyk nei seksueel oedraachbere syktes dwaan lit is omheech gong yn 2011, dat jildt ek foar it tal allochtoanen. De GGD is dêr bliid mei omdat by dizze groepen faker soa's foarkomme.

De soa dy't yn Fryslân it measte foarkomt is Chlamidia. Benammen froulju ûnder de 25 ha dêr lêst fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)