Undersyk nei ûngelok Skylge

27 jun 2010 - 15:27

De plysje ûndersiket it ûngelok mei hynder en wein. Sneon rekken 15 minsken ferwûne op Skylge. Der wurdt tocht dat in rem defekt wie. Dêrtroch kaam de karre tsjin de hynders oan. Dy skrokken en brutsen los. De wein ried mei in faasje op in dyk it dún ôf en botste tsjin in beam. Trije minsken lizze no noch yn it sikehûs. Ien fan har is de menner. Hy hat in brutsen skonk.

De plysje sil tsjûgen hearre en in technysk ûndersyk nei de wein dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)