Weening twad op NK

27 jun 2010 - 14:16
  • Pieter Weening yn aksje (foto: Sportfoto.nl)
  • It NK poadium (foto: Sportfoto.nl)

Pieter_Weening hat it snein by it Nederlânsk kampioenskip yn Limboarch krekt net oprêden. De hurdfytser fan De Harkema ried hieltyd yn de kopgroep, mar ferlear it yn de lêste 100 meter fan Niki Terpstra yn de sprint. De rider fan de Milramploech wie krekt wat rapper as de Fries.

Weening hat sulver, mar woe graach mear sjen litte om't er net nei de Tour mei. Hy hat it smoar yn om't er wachtsje moast op syn ploechmaat Boom. It plan wie dat dy kampioen waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)