Stynsgeaster mishannele
In man (38) út Stynsgea is sneontejûn oanhâlden yn syn wenplak. Hy wurdt fertocht fan mishanneling. De fertochte soe in doarpsgenoat (31) yn it gesicht slein hawwe nei in rúzje oer in klacht oer lûdsoerlêst. By de rúzje wiene meardere minsken belutsen.
De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo en sit noch fêst. De oare ynwenner fan Stynsgea hat oanjefte dien.