Fernielings yn Fryslân

De plysje hat sneontenacht ferskate minsken oanhâlden foar fernielings. Op de Oldehoofsterkerkhof yn Ljouwert waard in man (25) Amsterdam oanhâlden foar it fernielen fan in rút. Hy krige rúzje mei in oare Amsterdammer dêr't er mei op stap wie en sloech út lilkens mei de holle in rút fan in hûs yn. Hy hat in prosesferbaal krigen.
Yn Grou binne in Burgumer (17) en in Ljouwerter (25) troch tsjûgen oanhâlden. Se hiene reklamebuorden fernield. De NS docht oanjefte.