Lemster swier mishannele

27 jun 2010 - 13:49

In ynwenner (39) fan De Lemmer is sneontenacht slim ferwûne rekke oan it kin. De man waard by in fjochtpartij op de Nieuwburen troch in Lemster (27) mei in bierglês yn it gesicht slein.

De plysje hat de man oanhâlden op fertinking fan besykjen ta deaslach. By de oanhâlding misledige hy de plysjes ek noch. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en sit noch fêst. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)