Botsing mei snorfyts
By in botsing yn Ljouwert rekken in fytser (42) en snorfytser (18) ferwûne. Sneontejûn rieden beide Ljouwerters op de Drachtsterwei.
Nei alle gedachten ferliende de bestjoerder fan de snorfyts gjin foarrang oan de fytser dy't fan rjochts kaam. De jonge hie gjin brommerrydbewiis. Beide slachtoffers binne nei it sikehûs oerbrocht.