Wurk oan A7 by De Tynje

27 jun 2010 - 12:50
  • (argyffoto)

Rykswettersteat hat fan sneintemoarn seis oere ôf twa ôfritten yn de A7 ôfsletten. It giet om de oansluting fan de A7 op De Tynje. De ôfsluting duorret oant 3 july. De kommende tiid wurket de provinsje oan de N392 tusken de Tynje en Terwispel.

Ferkear wurdt omlaat fia de oanslutingen Beetstersweach en Akkrum. Giele buorden jouwe de omliedingsrûtes oan. Ferkear moat rekken hâlde mei in langere reistiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)