Partoer Wagenaar wint Dokkum

Lisette Wagenaar (foto: Henk Bootsma)
By it frouljuskeatsen yn Dokkum hat it partoer fan Lisette Wagenaar wûn. Mei Harmke Siegersma en Sjoukje Visser wie se mei 5-5 en 6-2 justjes sterker as it partoer fan Evelien Westra mei Judy Bersgma en Fenna Zeinstra.
De tredde priis wie foar it partoer fan Linda Terpstra, Maaike Osinga en Bianca van der Veen. De lêste foel yn foar Gérieke de Groot dy't noch tefolle hinder ûnderfynt fan in rêchblessuere dy't se ferline wike by it NK oprûn.