Van der Bos wint yn Holwert
Gert-Anne van der Bos hat sneon it haadklasse keatsen yn Holwert wûn. Mei syn maten Renze Pieter Hiemstra en Johannes Boersma wie er mei 5-0 en 6-6 te sterk foar it partoer fan Jan Dirk de Groot, Pieter Jan Plat en Gert Jan Meekma
De Holwerter Van der Bos is ek útroppen ta kening. Hy is freed 21 jier wurden.