Jan Jaap v/d Wal wol wat oars

Stand-up comedian en kabaretier Jan Jaap van der Wal hâldt foarearst op mei kabaret. Hy wol oare dingen dwaan. Van der Wal dy't berne en grutbrocht is yn Ljouwert, stiet al mear as tsien jier op de planken as kabaratier. Hy hat ek in tal in âldjierskonferenses dien. Dêrneist is er saaklik lieder fan it selskip de Comedytrain.
Van der Wal is yn oerlis oer in mooglike comeback fan it programma Dit Was Het Nieuws. Dat wie earder by de Tros en soe no op RTL4 komme.