Slim ûngelok op Skylge

26 jun 2010 - 13:52

By in ûngelok mei hynder en wein op Skylge binne sneon 15 toeristen ferwûne rekke. Seis binne swier ferwûne. De hynders sloegen op de Badwei by Hoarne op 'e rin, wêrnei't de wein mei 50 kilometer yn de oere fan in dún ôfried, tsjin in beam oan botste en oer de kop gie.

Twa swier ferwûnen binne nei it AMC yn Amsterdam en it UMCG yn Grins brocht. De oare slachtoffers binne nei sikehuzen yn Snits en Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)