Plysje by brân en stellerij

26 jun 2010 - 13:22

De plysje yn Drachten hat freedtenacht twa brânstifters trappearre. Se hiene brân stifte by in loads oan de Da Vincilaan. Doe't de plysje der kaam, woene se har ferstopje en naaiden doe út. De plysje koe de mannen, in Drachtster (24) en in Grinzer (21) pakke. De plysje bluste sels de brân.

Twa Jousters (17 en 18) binne oppakt doe't se âld izer stelle woene by in skoalle oan de Blauwhofleane. In tsjûge belle de plysje. Dy koe de jonges oppakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)