Razer en dief oppakt

In Ljouwerter (36) is freedtennacht oanhâlden op de Prins Hendrikstrjitte. Hy rûn en raasde troch de binnenstêd en socht mei elkenien rúzje. Doe't er de plysjes seach, waard er lilk op har. Der wie net mei him te praten. Dêrom is er meinaam nei it plysjeburo.
In man (21) út Nijlân is yn Boalsert oanhâlden nei't er de antenne fan de plysjeauto ôfbrutsen hie. Nei in koarte sykaksje waard er oanhâlden. Hy hie ferskate antennes, rutewiskers en oare spullen yn syn fytskoer lizzen.