Snitser samar mishannele

26 jun 2010 - 12:52

In ynwenner (23) fan Snits is freedtejûn mishannele troch trije mannen. De man en syn freondinne stiene foar in wenning oan de Spitaal, doe't de trije mannen der oan kamen.

Sûnder dat der oanlieding foar wie, krige it slachtoffer klappen yn it gesicht. Ien fan de mannen pakte in stien en smiet dizze troch in rút fan de wenning. Dêrnei naaiden se út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)