Moarnsbrochje Harns sukses

It moarnsbrochje yn Harns moat in jierliks barren wurde. Dat seit Karen Brugman, ien fan de inisjatyfnimmers. Se is wiis mei de opkomst fan trijehûndert Harnzers by de earste edysje. It brochje wie yn de Ingelske tún. Brugman hat har ynspiraasje foar it moarnsbrochje opdien yn Amsterdam.
Nettsjinsteande de ekonomysk minne tiid wie it net dreech om sponsors te finen.