Gewaaksen groeie minder hurd

De opbringst fan sipels en mais is yn Fryslân mooglik in stik leger. De gewaaksen rinne trije wiken achter, om't it yn maaie en juny flink kâlder wie as oars. De planten ha in soad sinneljocht nedich om te groeien. De planten binne noch lang net sa grut as oars om dizze tiid hinne.
Yn hiel Europa wie it min waar en de prizen binne nei alle gedachten dêrtroch wol heger. Foar de Fryske boeren hoecht in legere opbringst dêrom net ferkeard út te pakken.