De Pleats wint priis

26 jun 2010 - 09:52

De ûndernimmerspriis fan Noardeast-Fryslân is freedtejûn wûn troch De Pleats yn Burgum. Geesje Duursma fan De Pleats krige de Bonifatiusbokaal ûnder in gala yn Dokkum útrikt út hannen fan deputearre Sjoerd Galema.

Neffens de sjuery hat it sosjale karakter fan it bedriuw de trochslach jûn. De Pleats is neffens de sjuery ynnovatyf en maatskiplik belutsen. Der is ek oandacht foar kultuer, want by De Pleats is in minyteater.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)