Skûtsje by jubileum Damshûs

It skûtsje yn 'e takels (foto: Pieter Nauta, It Damshûs)
Der leit de kommende dagen in skûtsje yn it Polderhoofdkanaal by Nij Beets. Dat is omdat museum It Damshûs syn fyftichjierrich bestean fiert. It museum leit oan it Polderhoofdkanaal. Dêr is it skûtsje fan Koos van Drunen út Nij Beets freed yntakele.
Yn It Damshûs is te sjen hoe't feanarbeiders libben en wurken tusken 1860 en 1920. It jubileum wurdt sneon fierd mei in ferskaat oan aktiviteiten.