Frysk museum op syk nei Top 10

25 jun 2010 - 16:38
  • It Frysk museum op de âlde lokaasje yn Ljouwert

It Frysk museum yn Ljouwert wol de ynwenners fan Fryslân behelje by it kiezen fan 'e tsien topstikken yn de kolleksje. Dat hat te krijen mei it nije museum op it Saailân en wat je dêr krekt sjen litte wolle.

It Frysk museum hat dêr de help fan de Friezen by nedich. Minsken wurde oproppen om harren te melden mei in motivaasje wêrom't se meitinke wolle. Net elkenien kin meidwaan. De minsken dy't dat wol dogge, prate fierder yn groepkes fan tweintich minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)