Dokkumer fertochte bliuwt fêst

25 jun 2010 - 16:31

De 24-jierrige man út Dokkum dy't fertocht wurdt fan de moard op Suzanne Monsma bliuwt noch 14 dagen fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris freed besletten. Op 7 july sil de raadkamer besjen oft de man noch langer fêstsitten bliuwe moat.

Ut seksje fan it Nederlânsk Forensysk Ynstitút (NFI) hat bliken dien dat Suzanne Monsma troch geweld om it libben brocht is. In team fan 15 resjersjeurs is ek dwaande om tsjûgen te hearren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)