Snitser foar op Cape Times

Sjoerd de Jong en syn freondinne Sandra foarop de Cape Times
De Snitser dy't op it Oranjeplein yn Kaapstêd syn freondinne frege oft se mei him trouwe woe, is net allinnich nijs yn eigen lân mar ek yn oare lannen. In foto fan it momint stiet bygelyks freed op de foarside fan de Súd-Afrikaanske krante Cape Times.
Op de foto is de Snitser te sjen as er op de knibbel leit foar syn freondinne. Dat die er tongersdeitejûn foarôfgeand oan de wedstryd dy't Oranje tsjin Kameroen spile en mei 2-1 wûn.