Mûne Rietvink weriepene

25 jun 2010 - 15:22

Nei in heale ieu draait mûne De Rietvink by Nijetrine wer op folle toeren. It echtpear Rolf en Lia van der Mark lieten de 150 jier âlde mûne foar in heal miljoen euro opknappe en rêden him dêrmei fan de ûndergong. Freed wie de offisjele weriepening fan de mûne.

De Rietvink wie ien fan seis mûnen dy't de Grutte Feanpolder de lêste ieuwen droech hâlde moast. De famylje Van der Mark knapte de mûne op yn ruil foar in lisplak foar harren wenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)