Soargen CU oer spoarbrêge

03 apr 2012 - 07:15

De ChristenUnie wol dat deputearre steaten him ynset foar in brêge mei dûbeld spoar by Súdhorn. Earder kundige de provinsje Grinslân oan dat dy brêge der komt, mar neffens de ChristenUnie sjocht Grinslân dêr no fan ôf. De partij is benaud dat dat gefolgen hat foar de ekstra treinen dy't der ride sille tusken Ljouwert en Grins. Dat oantal wurdt de kommende jierren fan twa yn 'e oere nei fjouwer brocht.

De ChristenUnie is grut foarstanner fan de ekstra treinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)