Hûn los op seedyk: boete

25 jun 2010 - 15:17

De seedyk en Iselmardyk hawwe bot te lijen fan losrinnende hûnen. Dêrom sil it wetterskip de eigners fan de hûnen tenei in boete jaan fan 60 euro. Want de bisten meitsje de skiep dy't op de diken weidzje oerstjoer en jeie se bytiden sels de see yn.

Ek grave de hûnen gatten yn de dyk en dat is gefaarlik, sa seit Wetterskip Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)