Ikeprosesjerûp fûn yn Elslo

Nêst ikeprosesjerûpen
Op de stam fan in beam oan De Monden yn Elslo is freed in nestje fan de ikeprosesjerûp oantroffen. It nêst waard fûn by it ophingjen fan fallen om de ikeprosesjeflinter te fangen.
De oare ikebeammen yn de buert wurde no ek ûndersocht op de oanwêzigens fan de rûp. No moandei sil it nêst fan de ikeprosesjerûp dat no oantroffen is, ferwidere wurde troch spesjalisten. In wike lyn waarden ek al in pear nêsten fan de ikeprosesjerûp oantroffen yn Sonnegea.