Skoalbern krije It fleanwûnder

It boek 'It fleanwûnder' ferskynt yn twa talen
Sa'n 3.000 bern fan basisskoallen yn Hearrenfean en Opsterlân krije op de lêste dei foar de simmerfakânsje fergees in boek. It boek Het vliegwonder / It fleanwûnder ferskynt yn it ramt fan de Van Maasdijkfeesten, dy't dizze simmer plakfine op It Hearrenfean.
Op 31 july 1910 gie Van Maasdijk as earste Nederlânder mei in brevet de loft yn boppe It Hearrenfean. It boek is skreaun troch Janny van der Molen fan De Knipe.