Van der Ree langer by Cambuur

25 jun 2010 - 14:06

Dennis van der Ree slút takom moandei gewoan oan by de spilersgroep foar de earste Cambuur-training. Van der Ree krige earder noch te hearren dat in nij kontrakt der net yn sit, mar komt no yn oanmerking foar in kontrakt op amateurbasis. As Van der Ree in tal kompetysjewedstriden spilet, dan wurdt it kontrakt opwurdearre.

Van der Ree is ek noch yn petear mei in oare klup en hat yntusken in oanbieding fan Helmond Sport ôfsein. Dit omdat hy yn Ljouwert wenje wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)