Caparis docht post gemeente

25 jun 2010 - 13:59

Sosjale wurkfoarsjenningskip Caparis sil mei yngong fan 1 july de post besoargje fan 'e gemeente Eaststellingwerf. Caparis hat sûnt koarten in eigen postbesoargingsbedriuw ûnder de namme Business Post.

De gemeente Eaststellingwerf wol mei it ynskeakeljen fan Caparis minsken mei in sosjale wurkfoarsjenningstatus oan wurk helpe. It kontrakt mei Caparis is earst foar in healjier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)