Provinsje tsjin opslach CO2

25 jun 2010 - 12:13

De provinsje Fryslân bliuwt by it stânpunt dat yn Fryslân gjin opslach fan CO2 komme moat. Dat seit deputearre Adema yn reaksje op it oanwizen fan de plakken Boerakker, Sebaldaburen en Eleveld yn Grinslân en Drinte as foarkarslokaasje foar opslach fan broeikasgas.

Ministers Van der Hoeven en Huizinga makken dy lokaasjes tongersdei bekend. Yn de Fryske boaiem wurdt foarearst gjin CO2 opslein, mar twa gasfjilden yn Fryslân steane op de reservelist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)