Man krijt klappen op Weaze

25 jun 2010 - 11:42

In man (46) fan 's Gravenzande is tongersdeitenacht mishannele op De Weaze yn Ljouwert. It slachtoffer waard yn syn ear toetere mei in saneamde vuvuzela. Doe't de man hjir wat fan sei waard hy slein troch earst ien persoan en dy krige letter help fan nochris trije manlju.

Plysjeminsken troffen, troch it bloedspoar fan it slachtoffer te folgjen, de man oan yn syn auto. Dêrop is de man oerbrocht nei it sikehûs foar behanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)