Orka Morgan hat lekker sliept

25 jun 2010 - 11:14

Orka Morgan, dy't woansdeitejûn fongen is yn de Waadsee, hat in ridlik goeie nacht hân yn it Dolfinarium yn Hurderwyk. It bist hat wat fisk iten en de meiwurkers fan it Dolfinarium binne hoopfol dat de orka it hellet.

Al wurde de kommende dagen noch wol spannend neffens in meiwurker fan it Dolfinarium. Meiwurkers fan it ministearje fan LNV seagen Morgan tiisdei by It Amelân. Nei in rêdingsaksje koe de 3,5 meter lange ferswakte orka woansdei fongen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)