'Frou troch geweld ferstoarn'

25 jun 2010 - 09:54
  • Yn dit park waard de frou om it libben brocht

Ut seksje fan it Nederlânsk Forensysk Ynstitút (NFI) hat bliken dien dat Suzanne Monsma út Dokkum troch geweld om it libben brocht is. Hoe't se krekt fermoarde is wol de plysje net sizze. De fertochte (24) wurdt noch hieltyd heard. Oer wat hy ferklearret wol de plysje ek noch gjin meidielings jaan.

Freed wurdt de Dokkumer foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy sil beslute oft hy langer fêstsitten bliuwt. In team fan 15 resjersjeurs is ek dwaande om tsjûgen te hearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)