Hearrenfean oefenet tsjin KAS

25 jun 2010 - 09:15

It Belgyske K.A.S. Eupen sil sneon 24 july Hibernian ferfange yn de oefenwedstriid tsjin SC Hearrenfean. De Skotske ploech hat ferline wike har trainingskamp nei Nederlân ôfsein en dus ek de oefenwedstriid tsjin Hearrenfean.

K.A.S. Eupen promovearre it ôfrûne seizoen foar it earst yn har bestean nei de heechste klasse. De wedstriid SC Hearrenfean - K.A.S. Eupen set om 16.00 oere útein op sportpark de Swadde yn Bûtenpost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)